Nijs foar de begjinnende keatser
Wat is...
...Ledekeatsen
Dizze keatspartijen binne altyd yn Weidum. Alle bern dy't keatse wolle kinne oan dizze partijen meidwaan. Bern dy't yn groep 4 sitte meie it hiele jier fergees mei de begjinners meidwaan. Fan groep 5 ôf moatte bern at hja keatse wolle, lid wurde fan Nije Kriich.
...Federaasjekeatsen
Dizze partijen wurde organisearre yn ús Gemeente Littenseradiel.
Opslacheasken foar federaasje keatsen:
(7-9 jier) Welpen jonges 11 meter / Welpen famkes 9 meter
(10-11 jier) Pupillenjonges 15 meter / Pupillenfamkes 12 meter
(12-13 jier) Skoaljonges 19 meter / Skoalfamkes 15 meter
(14-16 jier) Jonges 23 meter / Famkes 18 meter
Foar de leeftiid is 31 december fan it foargeande jier de peildatum. As se hjir noch muoite mei hawwe, dan moatte se earst noch goed traine om dit foarinoar te krijen. (Freegje de trener, om seker te witten as hy/sy hjir oan foldocht.)
...K.N.K.B.-keatsen
As de bern fier genôch opslaan kinne, meie se meidwaan oan de K.N.K.B.-partijen. Opjaan foar de wedstriden kin op'e webside fan'e KNKB (mei bûnsnummer en geboartedatum). Dit kin oant tiisdei 19.00 oere foar de te spyljen wedstriid. Foar opjefte fan bern (oant en mei skoalbern) jild dat in partoer út twa persoanen bestiet en foar ôfdieling trije.
Wannear't jimme meidwaan wolle oan KNKB partijen dan wurdt ynlis frege by de partijen
fan € 3,- foar bern (en € 5,00 foar senioaren).
Yn de "Wis-In", it offisjele orgaan fan de K.N.K.B., en op'e webside www.knkb.nl stean alle wedstriden fan de K.N.K.B.
Kompetysjekeatsen foar de jeugd
Dit jier regelt de jeugdkommisje, besteande út Jelly, Beert Pieter en Laurens hokker âlden, wannear helpe sille. Se nimme yn april kontakt mei de keatsâlden op.
Start :
Tiid :
Foar wa : alle jeugdleden
Opjaan :
Under it kompetysjekeatsen sil ek, krekt as oare jierren wer letten wurde op it gedrach fan de keats(t)ers. Der sil prebearre wurde de bern op in positive manier te stimulearjen. Hjirneist sil benammen oan de folgjende punten oandacht skonken wurde:
* taalgebrûk fan de bern
* alle leeftiden keatse trochinoar,
* om de twa earsten fan taak feroarje (foaryn > efteryn (foar minst opslaan) > bûten(foar best opslaan) > ensfh.)
* rint it út de hân dan kin jo bern nei hûs stjoerd wurde troch de jeugkommisje of ien fan de organisearjende âlden.
Wannear 't jim hjir fragen oer hawwe kinne jim kontakt opnimme mei Laurens of Beert Pieter
Wy winskje de keatsers en hun âlden in poerbêst keatsjier ta !
plak |
Namme |
oantal earsten |
1 |
Ilse Keestra |
|
2 |
Wieke de Boer |
|
3 |
Froukje Dijkstra |
|
4 |
Aaltsje van der Vegt |
|
5 |
Rixt Dijkstra |
|
6 |
Marijke Dijkstra |
|
7 |
Sytse van der Vegt |
|
8 |
Peer de Bakker |
|
9 |
Remmelt Fopma |
|
10 |
Rikst Visser |
|
11 |
Hidde van der Wij |
|
12 |
Folkert van der Heijde |
|
13 |
Kiki Kramer |
|
14 |
Joost Wilks |
|
15 |
Pyke Kramer |
|
16 |
Nynke Punter |
|
17 |
Lieuwe Anema |
|
18 |
Hester van der Meer |
|
19 |
Lonneke Keestra |
|
20 |
Aebe Haima |
|
21 |
Germ van der Heijde |
|
22 |
Pier Koopmans |
|
23 |
Yme Kramer |
|
24 |
Lineke Fopma |
|
25 |
Beitske Boersma |
|
26 |
Sanne van der Heijde |
|
27 |
Feikje van der Vegt |
|
28 |
Senna Monsma |
|
29 |
Jantina Punter |
|
30 |
Sieger Jan Bosma |
|
31 |
Sietse Hoekstra |
|
|