WOLKOM | AGINDA | PELOTE | JEUGD | FOTO'S | KONTAKT | STIPERS                BANGMA PARTIJ | FROULJU'S PC


It giet wer oan!

Op dizze site probearje wy sa aktueel moochlik alle ynformaasje oangeande it keatsen yn Weidum te presentearjen. Neist alle saken foar ús leden, sa as de foto's fan de ferskate ledenpartijen, fine jo hjir ek ynformaasje oangeande de KNKB en federaasje partijen dy't wij elts jier organisearje.

Hichtepunten yn elts seizoen binne fansels ús haadklasse 'Bangma' partij oan it begjin fan it jier en yn augustus ús Froulju's PC! Bij disse beide partijen is in live ferslag fan de partij fia ús site te folgjen. Fansels ha wy leaver dat jim de Bangmapartij of Froulju's PC op ús smûke keatslân bijwenje, mar kin dit om wat foar reden net, kinne jo it keatsen dus mei de kompjuter folgje.
 

Bestjoer ‘Nije Kriich’

 

Foarwurd

Op it momint dat ik wer oan it foarwurd skriuw, kinne jo merke dat de maaitiid wer begjint. Gewoanwei begjint dy foar ús as feriening mei de tradisjonele Bangmapartij. Dit jier op snein 3 maaie. Dit jier binne wy wat earder begûn. Yn de twadde wike fan april hawwe wy in keatsclinic organisearre foar de bern fan de legere skoalle. Hjir waard tige enthousiast op reagearre en wy hoopje fansels dat har dat ek útbetellet yn de dielname oan de trainingen en it kompetysjekeatsen foar de bern. Mar ek de âlderen binne al wer dwaande mei de tariedingen op it seizoen; de pelotepartijen stean ein april wer te begjinnen.

Sa as de measten wol witte hawwe wy as bestjoer fan it winter net stilsitten. Foarrich jier hawwe wy lang om let subsydzje fan de gemeente krigen foar de ferbou/útwreiding fan it keatshokje. Fan it simmer hawwe wy noch oare fûnsen oanskreaun, sadat wy yn oktober begjinne koenen. Mei de ynset fan in tal sponsors en talleaze frijwilligers hawwe wy it hokje flink ûnder hannen nommen; in gruttere berging, nije sanitêre foarsjenningen, in nije keuken en in nije klaaikeamer. Op dit momint binne wy sa goed as klear mei de bouwerij en kinne we begjinne mei it ynrjochtsjen. Fan it simmer hoopje we dit ek ôf te meitsen, sadat wy dan it hokje iepenje kinne mei in festiviteit foar alle frijwilligers.

Tagelyk fine wy it as bestjoer ek wol in moaie gelegenheid om in nije namme foar “it hokje” te betinken. De âlde namme “op it holgat” fine wy net mear hielendal fan dizze tiid. By dizze dan ek in oprop oan jimme om in nije namme te betinken. Ideeën hjirfoar kinne jimme oanjaan by ien fan de bestjoersleden of fia nijekriich@weidum.com. De moaiste namme beleane wy fansels mei in passend kado.

As lêste winskje wy jimme allegearre in protte wille ta op ús keatslân en wy hoopje fansels dat wy wer by jimme oanklopje kinne foar al ús ferskate frijwilligerswurk. Alfêst betanke hjirfoar !
 

Wigle Anema - foarsitter

 

AGINDA

Der binne gjin aginda items.


#frouljuspc